Bytsje ynteresse skriuwdei

Jong skriuwtalint bleau snein fuort by de provinsjale skriuwdei op It Hearenfean. En dat wylst dizze 15e edysje fan de skriuwdei mear jong publyk lûke moast.
De organisaasje hie dêrfoar ûnder oare rapper Remon de Jong frege om in workshop oer rappe te jaan. Mar der wiene hielendal gjin ynskriuwings foar. De oare workshops, fan ûnder oare kollumniste Jantien de Boer, lutsen yn totaal 35 dielnimmers.