De Jouwer begjint min

René Geertsma (foto Martin de Jong)
Sportklub De Jouwer is it haadklasseseizoen min útein setten. Yn Apeldoorn ferlearen de Jousters mei 3-1 fan WSV. Troch twa frije trapen fan Van Gerrevink en Toisuta kaam WSV mei 2-0 foar. Yn de 65ste minút makke René Geertsma de oanslutingstreffer foar De Jouwer, mar tsien minuten letter makke Mulder de beslissende 3-1.
De Jouwer promovearre ferline jier nei ien jier yn de earste klasse wer nei de sneinshaadklasse.