Mishanneling yn feestttinte

07 sep 2008 - 15:03

In man (21) út Sânhuzen (Gr.) is yn de nacht nei snein bedrige en mishannele yn de feesttinte yn Haulerwyk. De man krige rúzje mei de dieder oer in mobile telefoan. De dieder luts dêrby in mes, bedrige it slachtoffer en joech him in klap op de noas.

It slachtoffer is foar behanneling nei it sikehûs yn Drachten gongen. Doe't de freondinne (21) fan it slachtoffer út Sânhuzen tuskenbeide komme woe, krige sy ek in klap. Se rekke dêrby net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)