Mishanneling op Flylân

07 sep 2008 - 15:00

In 33-jierrige man út Venray is yn de nacht fan sneon op snein oanholden yn de Doarpsstrjitte yn Flylân op fertinking fan mishanneling. De man waard yn in hoarekagelegenheid oansprutsen op it feit dat er dêr net smoke mocht. Doe't er him dêr neat fan oanluts, is er de saak útset.

Dêr bleau er mei in groep freonen stean. It slachtoffer (19) út Bedum stie midden yn de groep doe't er samar in stomp tsjin de holle krige. De plysje hat de man oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)