Ynbraak yn Sint Anne
Der is freed tusken 16.00 en 16.45 oere ynbrutsen yn in wenning oan de Langhústerwei yn Sint Anne. De bewenster gong om 16.00 oere fuort. Doe't se trije kertier letter thúskaam, seach se dat in rút yn har wenkeamer mei stiennen ynsmiten wie.
Ut de wenning is in kompjûter meinaam. De 51-jierrige bewenster hat oanjefte dien.