Rubberboat stellen yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket de stellerij van in rubberboat by de passantehaven oan de Tsjalkstrjitte yn Snits. De boat is tusken freed 12.00 oere en sneon 10.30 oere stellen.
De eigneresse seach dat de grize rubberboat mei blauwe strepen fan it merk Crest (type 320) freed noch oan de sylboat fêstknope wie. Sneon ûntduts de frou dat de boat ferdwûn wie. De 50-jierrige frou út Harderwijk hat oanjefte dien.