Dokk'em Hangover yn De Gloppe

Yn augustus fûn de fjirde edysje fan Dokk'em Open Air plak yn Raard, by Dokkum. It metalfeest wurdt op 3 oktober nochris yn it lyts oerdien yn de boppeseal fan muzykkafee De Gloppe yn Ljouwert. Dit ûnder de namme Dokk'em Hangover Fest.
Headliner fan de jûn is it Dútske Sacred Steel. De band bringt snoeihurde speed en heavy metal. Oare metalbands dy't optrede binne: Methusalem, Mother of Sin en Hellbike. Dizze bands komme út Fryslân.