Jubileum Friesche Elf Steden

07 sep 2008 - 10:10

Tryater komt mei in spektakel foar it jubileum fan de feriening De Friesche Elf Steden. Op 15 jannewaris 2009 is it hûndert jier lyn dat de feriening oprjochte waard. Der wurdt aardich wat út de kast helle om dêr omtinken oan te jaan.

Tryater komt mei in poëtyske bustocht dy't by alvestêderûte lâns giet. Ek sjonger Syb van der Ploeg wurket mei oan it jubileumjier. Hy sil takom jier yn alle alve stêden optrede. Hy hat dêr nije nûmers foar skreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)