De Haan wint Omloop Trynwâlden

Sierk-Jan de Haan
Hurdfytser Sierk-Jan de Haan fan Dokkum hat sneon de Omloop fan de Trynwâlden op syn namme skreaun. Yn de einsprint wie er te sterk foar Rudy Vriend fan Schagen. De beide mannen naaiden yn de lêste rûntsje út in kopgroep fan sân man. Dêryn sieten ek de Friezen Jan Bos fan Nijhoarne, dy't tredde waard, René Hooghiemster fan Oentsjerk en Jan Hendrik Westra fan Oerterp.
It wie de sânde edysje fan de Omloop, in wedstriid oer 100 kilometer.