Stellerij yn fersoargingshûs

06 sep 2008 - 14:14

Fjouwer bewenners fan soarchsintrum Leppehiem yn Akkrum binne dizze dagen slachtoffer wurden fan stellerij. Wylst se net yn 'e hûs wiene ha de dieven in tal sieraden fuortnaam.

Ek is der in jildbedrach stellen fan mei elkoar tûzen euro. De dieders ha nei alle gedachten mei help fan falske kaaien harren slach slein. De dupearren binne tusken de 86 en 95 jier âld. Om't de stellerij foar in soad emoasjes soarget by de âlderen hat der freed in byienkomst west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)