Snitser mishannele

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige man út Snits is yn de nacht nei sneon yn syn wenplak op de Wijde Noorderhorne mishannele troch in foar him ûnbekende man. It slachtoffer makke in opmerking oer it saneamde wyldpisjen fan de fertochte en krige dêrop in kopstjit.
Plysjeminsken troffen de Snitser oan mei in brutsen tosk en ferwûnings oan de noas. De man is nei it sikehûs brocht. De plysje siket no in man fan tusken de 30 en 40 jier, in breed postuer en sa'n 1,90 meter lang.