Oanriding yn Harns

© Omrop Fryslân
By in oanriding tusken twa fytsers op de Vierkantsdyk yn Harns is freedtemiddei in 82-jierrige man út dat plak ferwûne rekke. It slachtoffer fytste achter in 16-jierrich famke út Harns.
By de krusing mei de Troelstrawei sloech it famke linksôf sûnder de hân út te stekken en kaam sa yn botsing mei de âldere man. De Harnzer is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs.