Bekeurings útdield oan fytsers

06 sep 2008 - 12:42

De plysje yn Ljouwert hat freedtemiddei yn de Alde- en Nije Easterstrjitte 44 bekeurings útdield oan fytsers dy't fytsten wêr't dat net tastien is. En op it Suderplein yn de stêd gongen nochris achttjin fytsers op de bon, omdat se troch it reade ljocht rieden.

De kontrôles waarden holden nei oanlieding fan klachten, dy't by de plysje binnenkaam wiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)