Wetterliedinglek wer oplost

06 sep 2008 - 12:40

Yn it gebiet tusken Jobbegea en Aldehoarne is sneontemoarn krekt nei achten in lek ûntstien yn it wetterliedingnetwurk. Om alve oere hinne hiene monteurs fan Vitens it lek wer ticht.

In oantal húshâldens yn it gebiet hie hielendal gjin wetter en yn guon oare gefallen wie der allinnich minder druk op de lieding. De oarsaak fan it lek is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)