Takomst 'Noorderlicht' faai

06 sep 2008 - 12:37

De takomst fan de foto-útstalling 'Noorderlicht' stiet faai. De organisaasje hat noch mar de helte fan it budzjet fan ferline jier. Sneontemiddei wurdt de útstalling mei de namme 'Behind Walls' iepene yn it Frysk Museum yn Ljouwert.

Gewoanwei waard de útstalling hâlden op meardere lokaasjes. Dat is no ek al net mear mooglik. Oft de útstalling takom jier trochgiet is ôfhinklik fan subsydzjes dy't oanfrege binne by it Ryk en de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)