Mear jild foar jeugdsoarch

© Omrop Fryslân
Bliidskip by buro jeugdsoarch Fryslân. De provinsjes hawwe 94 miljoen euro beskikber steld om de problemen mei de jeugdhelpferliening op te lossen. En dan giet it fral om jild foar it fuortwurkjen fan wachtlisten.
Foar Fryslân is in bedrach beskikber steld fan goed fjouwer miljoen euro. Hoe't dat bedrach krekt ferdield wurde sil is noch net dúdlik. Op de wachtlist by buro jeugdsoarch Fryslân steane no goed 60 bern dy't al langer as njoggen wiken wachtsje op help.