HWL bliuwt by Friesland Bank

05 sep 2008 - 14:27

Stichting Hulp en Welzijn Leeuwarden bliuwt dochs klant by de Friesland Bank. Earder joech de stichting oan fan 'e bank ôf te wollen, omdat dy allinne noch hypteken oan minsken mei in ynkommen fan boppe de 60.000 euro jaan woe. Tongersdei hat de bank yn in petear mei HWL de achterlizzende gedachte fan dat belied oanjûn.

Ek is tasein dat de bank yn 'e takomst mear maatskiplike organiaasjes yn Fryslân stypje wol. Foar HWL is dat reden genôch om by de bank te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)