Ketellapper 30 jier yn 'e ried

Reitze Ketellapper
It is freed in bysûndere dei foar garaazjehâlder Reitze Ketellapper fan Koarnjum. Hy sit op 'e kop ôf 30 jier yn de gemeenteried fan Ljouwerteradiel.
Reitze Ketellapper is sûnt jier en dei fraksjefoarsitter fan Gemeentebelangen Ljouwerteradiel. Dêrfoar siet er yn de ried foar it CDA. Tongersdeitejûn joegen de kolleezjes fan B&W en de gemeenterieden fan de Middelseegemeenten omtinken foar it jubileum fan Ketellapper.