NOFA-gemeenten:mear gearwurkje

© Omrop Fryslân
It gearwurkingsferbân yn Noardeast Fryslân tusken de NOFA-gemeenten moat nij libben ynblaasd wurde. Dat fynt de gemeenteried fan Kollumerlân. De ried prate tongersdei oer in rapport fan buro Berenschot. Dy hat ûndersocht oft Kollumerlân selsstannich fierder kin.
De konklúzje fan it buro is dat de gearwurking tusken Kollumerlân, Achtkarspelen, Dantumadiel en Dongeradiel, it saneamde NOFA-ferbân, needsaaklik is om de tsjinstferliening op peil te hâlden.