Studintefestival: 10.000 man

© Omrop Fryslân
Der hawwe tongersdei sa'n 10.000 besikers west by it studintefeest op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.
Dat wiene der folle mear as de organisaasje ferwachte hie. Dy hie rekken hâlden mei sa'n 6.000 besikers, twa kear safolle as ferline jier. It feest mei optredens fan bands waard organisearre as iepening fan it nije skoaljier. Neffens de organisaasje en de plysje ha der gjin problemen west. De ferskate studinteferienings presintearren harren op it festival.