Sneonsmerk mei nei Waachplein

De sneonsmerk ferhuzet nei it Waachplein
De sneonsmerk fan Ljouwert wurdt al dit wykein op in oar plak hâlden. Nei oerlis tusken merkkeaplju en de gemeente is besletten om de merk fan it Saailân te ferpleatsen nei it Waachplein. Neffens de keaplju kamen der te min minsken op it Saailân en de opbringsten rûnen dêrtroch werom.
Troch ferskate eveneminten op it Waachplein wie it net earder as heal oktober mooglik om de merk te ferpleatsen. Dy eveneminten krije in oar plak sadat de merk op it plein kin.