Takom jier Toon Hermanshûs

© Omrop Fryslân
Nei lang wachtsjen wurdt begjin takom jier in Frysk Toon Hermanshûs iepene. It ynrinsintrum foar kankerpasjinten komt yn Ljouwert. Wêr't de opfang krekt komt, wol de organisaasje noch net bekendmeitsje, want der rinne noch ûnderhannelings.
Inisjatyfnimster Wilma_Kamphorst hat lang foar in Frysk Toon Hermanshûs krewearre. Se ûntfangt no al thús pasjinten om se te helpen. Meikoarten begjinne de aktiviteiten, ûnder oare ûnspanningsoefeningen.