Fiadukt freed pas iepen

© Omrop Fryslân
It nije fiadukt by Surch giet net earder as freedtemiddei iepen. Rykswettersteat liet earder fan 'e wike witte dat ferkear fan tongersdeitemiddei fiif oere ôf oer it fiadukt koe.
Fanwege de hurde wyn is it lykwols net slagge om alle fangrails op it fiadukt te pleatsen. It fiadukt giet sadwaande net earder as freed om twa oere iepen.