Hege kosten troch Deltaplan

04 sep 2008 - 14:50

In hege Iselmardyk sa´t de Deltakommisje wol, soarget foar grutte ekonomyske skea foar de Fryske havenstedsjes. Dat binne de ynwenners fan it gebiet fan betinken.

De wettertoeristen sille it ôfwitte litte. Boppedat moatte de havens en de slûzen oanpast wurde oan it hegere wetterpeil. Dat kostet de gemeente Nijefurd miljoenen euro´s en dat jild hat de gemeente net. Den_Haach moat Fryslân alternativen biede, sa fine se yn Hylpen, Makkum, Starum en Warkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)