Koolhof hâldt fêst oan basis

04 sep 2008 - 13:28

SC Cambuur-trainer Jurrie_Koolhof hâldt tsjin FC_Den_Bosch fêst oan de basisopstelling fan ferline wike. Dat betsjut dat Paul Beekmans opnij sintraal yn de ferdigening spylje sil en Rudy Jansen rjochtsachter.

Beekmans spilet freedtejûn tsjin syn âlde klub en sil dus in protte bekenden tsjinkomme. Oarsom jildt dat foar Adnan Barakat. De middenfjilder spile ferline jier noch yn Ljouwert en komt no dus even werom yn it Cambuurstadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)