Fersakke kaai

Kaai te gefaarlik foar swier ferkear
Rederij Doeksen set fan moandei ôf de fearboat De Midsland yn tusken Harns en Flylân om swiere frachtauto's op it eilân te krijen. De oanlissteiger yn Harns fan 'e nije rappe boat nei Flylân, de Tiger, is foar ûnbepaalde tiid sletten foar swiere frachtweinen omdat de grûn ûnder de kaai fersakke is. De bestrjitting kin dêrtroch ek ynsakje.
Swiere frachtauto's soene it der allinnich mar slimmer op meitsje en moatte no mei De Midsland.