Twangsom foar reklameboerd

Dit reklameboerd soe fuort moatte
De gemeente Skarsterlân hat in twangsom oplein oan 'e Op-is-Op-winkel yn 'e Midstrjitte op 'e Jouwer. Op de winkel hinget in grut reklameboerd. Dat past net yn 'e histoaryske Midstrjitte, neffens de gemeente.
Eigner De Haas is it net iens mei de krityk fan 'e gemeente en hat berop oantekene tsjin de twangsom. De Haas fynt wol, lykas de gemeente, dat syn gevel wol wat opfalt yn 'e histoaryske strjitte.