Fragen oer hege NUON-kosten

04 sep 2008 - 11:17

GrienLinks yn 'e Steaten wol dat deputearre Galema wat docht oan 'e hege prizen dy't NUON berekkenet foar transport fan elektrisiteit. Dêrtroch wurde stroomrekkens hieltyd heger. Belangegroepearrings hawwe in brief oer de saak skreaun nei fraksjes yn de Twadde_Keamer.

De provinsje hat 12,6% fan 'e NUON-oandielen. Galema moat de kwestje yn de earstkommende gearkomste mei NUON-oandielhâlders op it aljemint bringe, seit frou Groeneveld van GrienLinks.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)