Foarrang op rotonde ûnfeilich

© Omrop Fryslân
It idee fan it Snitser CDA om de fytsers op alle rotondes yn Snits foarrang te jaan, hellet it nei alle gedachten net. De partij tinkt dat dat feiliger is, mar neffens wethâlder Metz giet it om skynfeiligens.
Oare soargen oer krúspunten yn Snits dêr´t fytsers en oar ferkear mekoar tsjinkomme wurde ûndersocht. De riedsleden neame as foarbyld it nije parkearterrein oan de Toppenhústerdyk, it krúspunt by de Wetterpoarte en de nije festiging fan skoalle Friese_Poort.