Frou ferwûne yn Stynsgea

© Omrop Fryslân
By in ûngelok yn Stynsgea is woansdei in 71-jierrige frou út Feanwâlden ferwûne rekke. Se ried mei in 74-jierrige man út itselde doarp yn 'e auto oer de Brêgeloane yn Stynsgea. Doe't de man ôfremje woe om linksôf te slaan, klapte in man út Oerterp mei syn buske op de Feanwâldsters. De man seach te let dat de auto foar him ôfslaan woe..
De frou út Feanwâlden is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs yn Dokkum oerbrocht.