Sûkelarje foar útgeanspublyk

04 sep 2008 - 07:54

Der moat sûkelarje útdield wurde oan it Ljouwerter útgeanspublyk. Dat seit PAL/GrienLinks. De partij stelt foar om in proef te dwaan mei sûkelarje. Undersyk hat útwiisd dat jongeren dy't op stap binne dêr rêstich fan wurde en minder gau geweld brûke.

Boppedat wurket it útdielen fan sûkelarje better as it útdielen fan in ynformaasjefolder oer fandalisme en geweld. Yn Ingelân wurdt dizze metoade al langer brûkt. It foarstel fan PAL/GrienLinks wurdt no ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)