Bilkerts net bliid mei swimbad

Swimbad Biltse Slach sa't it no is
De nije plannen foar it swimbad Biltse Slach falle rau op it dak fan de partijen yn 'e ried. Projektûntwikkelder Procee fan Sumar hat bekendmakke dat er tegearre mei Eneco in nij duorsum swimbad bouwe sil. Yn ruil dêrfoar wol er 140 huzen bouwe oan 'e noardkant fan St._Anne.
Der wurdt al in skoft lang praat oer de takomst fan it swimbad. Oer trije wike wurdt in definityf beslút nommen. It besteande swimbad Biltse Slach is wol oan in opknapbeurt ta.