Tom krijt spesjale bus

03 sep 2008 - 17:52
Tom yn syn nije bus

Tom_Philips (5) fan It_Hearrenfean hat in oanpaste rolstoelbus krigen. Tom hat de seldsume stofwikselingssykte Jansky Bielschowsky. Yn Nederlân binne mar fjouwer oare bern dy't de sykte hawwe. De ferwachting is dat bern mei dy sykte net âlder wurde as 15 jier.

De stichting 'Tom on the move' hat 40.000 euro by elkoar brocht, sadat de bus der komme koe. Woansdei krigen de heit en mem fan Tom de kaai fan 'e bus.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)