Gaming-festival op It Amelân

03 sep 2008 - 17:00

In gamingfestival op It Amelân moat mear bedriuwen fan kompjûterspultsjes nei Fryslân lûke. It Waadeilân is oer oardel wike it sintrum fan 'e wrâld op it mêd fan kompjûterspultsjes. Studinten fan 'e oplieding CMD oan de NHL yn Ljouwert ûntwerpe sels in spultsje. Der komme ek profesjonele ûntwikkelders út binnen- en bûtenlân.

Ek wurde tal fan lêzingen hâlden op it G-Amelandfestival. It evenemint duorret fan 15 oant en mei 19 septimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)