Techum krijt brede skoalle

© Omrop Fryslân
De bou fan de brede_skoalle yn de nije wyk Techum by Ljouwert begjint tongersdei. Dan giet de earste peal de grûn yn. De gemeente spilet mei de start fan de bou yn op de ferwachte groei fan de nije wenwyk.
De skoalle komt der út te sjen as in Fryske stjelp-pleats, neffens Japansk ûntwerp. Der komme 15 lokalen, in berne-opfang en in sportlokaal yn it nije gebou. It is de bedoeling dat de nije skoalle foar it skoaljier 2009-2010 yn gebrûk nommen wurde kin.