Hurdrintalint fan De Lemmer

03 sep 2008 - 06:11

De 14-jierrige hurdrinner Jaap_Gerben_Vellinga fan De_Lemmer is selektearre foar de jierlikse wedstriid tusken Westfalen en Nederlân yn it Dútske Gladbeck, in belangrike atletykwedstryd foar de jeugd.

Hy is de iennichste Fries dy´t meidocht. It talint mei meidwaan om´t hy twa kear 5e waard op de C-spelen yn Amsterdam. Dêr rûn hy de 800 meter yn 2.07.34 en de 1500 meter yn 4.23,63. Dat bin opmerklike tiden omdat hy noch mar earstejiers junior is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)