Lintsje foar miljeu-amtner

02 sep 2008 - 22:44

De betinker fan de sinneboatrace Bouwe de Boer hat tiisdei yn Den Haach in duorsum lintsje krigen. De Boer dy't enerzjy-koördinator is fan de gemeente Ljouwert en de provinsje krige mei noch acht oaren de ûnderskieding fan minister Jacqueline Cramer fan Miljeu.

Al jierren hâldt De Boer him dwaande mei duorsumens. Neist de sinneboat-race betocht hy in kampanje foar led-lampen en wie hy ferantwurdlik foar de oanlis fan ierdgastankstasjons.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)