´Greenpeace moat oanpakt´

De Greenpeace-aksje (foto Greenpeace)
Alle donateurs fan Greenpeace binne mei-ferantwurdlik foar de gefaarlike aksje tsjin oerbefisking op de Noardsee. Twadde Keamerlid Joop_Atsma (CDA) wol dat stipers fan de miljeuorganisaasje neitinke oft se wol wolle dat dizze aksje mei harren jild betelle wurdt.
Greenpeace hat yn it Dútske part fan de Noardsee basaltblokken goaid om sa de fiskfangst te sabotearjen. Garnalefiskers binne ûnterjochte slachtoffer fan de aksje, fynt Atsma.