Erfguodeksperts yn Waadgebiet

02 sep 2008 - 21:09

Eksperts fan de Unesco reizgje dizze wike troch it Waadgebiet om te beoardyljen oft it gebiet oanwiisd wurde moat op de Wrâlderfguodlist. Nederlân en Dútslân ha tegearre frege om opname op dy list.

Besjoen wurdt hoe't it gebiet der hinne leit en der wurdt praat mei de bewenners en belange-organisaasjes. Ek wurdt sjoen wat der no regele is om de natoer yn it gebiet te beskermjen. Healwei takom jier wurdt in beslissing ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)