Histoaryske brêge De Gordyk

02 sep 2008 - 20:58

Bewenners fan De_Gordyk hawwe sels in brêge útsocht om de nije wenwyk Loevestein te ûntsluten. Omwenjenden en Pleatslik Belang hawwe betocht hokker brêge der komme moat, dêrnei hat de gemeente in yngenieursburo opdracht jûn dy ideeën stâl te jaan.

It ûntwerp is basearre op in lawei, in konstruksje fan peallen, dy´t yn de feantiden brûkt waard om de wurktiden oan te jaan. De brêge ferbynt de nije wyk mei de dyk De_Gordyk-Jobbegea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)