Wurkleaze froulju yn beweging

© Omrop Fryslân
Allinnichsteande froulju dy´t gjin wurk of freonen hawwe, komme faak yn in isolemint telâne. Om se dêrút te krijen, is yn de gemeente Boalsert mei in spesjaal projekt útein set: de Vierde Versnelling.
De froulju sporte, dûnsje, meditearje en drinke mei har allen in bakje kofje. Dat allegearre moat liede ta in nij, sosjaal en sûn libben en mear selsbetrouwen. It projekt is opset troch de gemeente en it Friesland College.