45 jier yn tsjinst by NS

Hylke Hoekstra
Treinmasinist Hylke_Hoekstra fan Menaam hat mear as hûndert kear de wrâld om west en miljoenen reizgers ferfierd. Tiisdei is er op de kop ôf 45 jier yn tsjinst by de Nederlandse Spoorwegen.
Dêrmei is Hoekstra de langstsittende masinist fan Nederlân. Op it stasjon fan Ljouwert waard er tiisdei troch syn kollega´s yn it sintsje setten. Dat wie in grutte ferrassing foar him.