Sponsoaren yn rige foar Cambuur

Wa wol Cambuur no net sponsorje?
Sportyf besjoen giet it poerbêst mei Sportclub Cambuur en dat liedt ta in grutte oanrin fan sponsoaren by de club. No´t de Ljouwerters boppe-oan stean, wolle in protte bedriuwen harren namme ferbine oan Cambuur.
Gewoanwei moat Cambuur sels aktyf op syk nei sponsoaren, mar yn de ôfrûne wike hawwe sa´n 25 bedriuwen harsels spontaan oanmeld by de club. De sponsorbegrutting wurdt dêrmei helle en dat is yn jierren net mear bard by de Ljouwerter fuotbalclub.