Twa kear 50 km te hurd
In 36-jierrige man út it West-Fryske Nieuwe Niedorp hat moandeitejûn by Boarnsweach in flinke boete krigen foar te hurd riden. Hy ried op de A7 mear as 50 kilometer te hurd en moast syn rydbewiis ynleverje.
Yn Snits moast in 30-jierrige man út Hylpen syn rydbewiis ynleverje. Hy ried 130 kilometer yn ´e oere op in dyk dêr´t mar 80 tastien is.