Grutte brân yn sintrum Snits

Kafee De_Kletser, de eardere Sneker Pan, oan de Merkstrjitte yn it sintrum fan Snits is moandeitejûn ôfbaarnd. De brânwacht fan Snits hat mei help fan de korpsen út Boalsert, Drylts en It Hearrenfean oan it blussen west.
It neistlizzende hotel De Wijnberg is ûntromme. De brânwacht hat it hotel en it stêdhûs út foarsoarch wiet hâlden. Yn beide gebouwen is reek- en wetterskea. De technyske resjerzje begjint tiisdei mei it ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.