Grutte kontrôle-aksje plysje

© Omrop Fryslân
De plysje yn Súdwest-Fryslân hat moandei in grutte kontrôle-aksje hâlden. Automobilisten waarden oan de A7 by Bloksleat kontrolearre op APK, fersekering en iepensteande boetes. Moandeitemiddei seagen se by bedriuwen oan de Drylsterkaai yn Snits.
Oan de aksje diene ferskate plysjetsjinsten mei, lykas de frjemdelingeplysje, it fleksteam, de ferkear- en miljeuplysje en arrestantesoarch.