Mear ûndersyk yn saak K´tille

It medisyngebrûk fan ´e fertochte yn de moard op Murkje_de_Vries út Koatstertille moat fierder ûndersocht wurde. De Ljouwerter rjochtbank makke moandei yn in tuskenfonnis bekend dat besjoen wurde moat wat de ynfloed fan ´e medisinen op it gedrach fan de fertochte krekt west hat. It iepenbier ministearje easke earder 30 jier finzenisstraf yn dizze saak.
Advokate Alie_Westerhuis fan ´e fertochte is goed te sprekken oer it tuskenfonnis.