Besunigingen foar NNO

01 sep 2008 - 12:45

It wurdt in sober jier foar it Noard Nederlânsk Orkest. Minister Plasterk sil op Prinsjesdei bekendmeitsje dat it NNO 2,5 ton besunigje moat. Ek docht út ûndersyk bliken dat de muzikanten fan it NNO en oare orkesten yn it lân swier ûnderbetelle wurde.

Der komt in petear mei de minister om om mear jild te freegjen. Oft dat helpt om de besunigings foar de kommen is noch mar de fraach. Fakbûn FNV Kiem en de wurkjouwersorganisaasje beriede harren op mooglike publyksaksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)