Rêdingboat helpt Noarsk jacht

© Omrop Fryslân
Rêdingboat Kening Willem I fan Skier hat moandeitemoarn betiid it Noarske jacht Chaldur mei motorproblemen nei Lauwerseach sleept. Underweis nei it Karibysk gebiet krige it skip op ´e Noardsee maleur mei de motor.
De oare rêdingboat fan Skiermûntseach, de Edzard Jacob, moast sneintejûn yn aksje komme om op de Waadsee in skip los te lûken. De Cornish Yaw mei thúshaven Jirnsum kaam ûnderweis nei Skier fêst te sitten op it Braksân.