Twa ferwûnen by ûngelok Harns

01 sep 2008 - 11:28

Twa minsken binne sneintejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Harns. In autobestjoerder (71) út it Limburchske Kerkrade ried in parkearfak út en liet dêrby in bromscooter net foar gean. In oanriding wie it gefolch.

De bestjoerster fan de bromscooter, in 17-jierrich famke fan Harns en har passazjiere (19), ek út Harns, rekken dêrby ferwûne. Beide famkes waarden mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)